6. De overval op ‘De Overwinning’

6. De overval op ‘De Overwinning’

Legauke 11
9218 XB
Opeinde

Bekijken in Google Maps

De Oerfal op de Overwinning, Legauke 11, 9218 XB Opeinde, (Tusken fytsknooppunten 11 en 67) Oerfal op “De Overwinning” op 21 novimber 1944.

De oarspronklike boerepleats is er net mear, dy is troch de Dútske besetter nei de oerfal ôfbrând. Letter is nei de oarloch in kavel fjirder oan it Peinder kanaal in nije boerepleats bouwd, yn de gevel is de nammestien mitsele. Yn “De Overwinning” is in plak mei san 10 (?) ûnderdûkers en fanôf septimber 1944 komt er in groep fan 6 leden fan de K.P. (= Knokploeg) by. Mei de Terroristenhoeve ûnder Drachster Kompanije en de pleats fan Oebele Kooistra oan de Geasten foarmen it in soarte fan trijehoek yn it ferset rûn Drachten. De kans is hiel grut (men is hast seker fan) dat it ûnderdûk- en KP-plak oan de Dútske besetter is ferried. Op 21 novimber 1944 yn de betiide moarn fynt in oerfal plak troch de Dútske “Zoll Polizei” en ûntstjit in fjoergefjocht wêrby deaden en ferwûnen fallen oan beide kanten. De oerlibbene Dútsers slagge op de flecht. De bewenners fan “De Oerwinning” probearje te flechten oer it Peinder Kanaal mar de flechtboten binne er net mear. Fuorthelle troch de Dútsers. Men flecht yn de richting fan de Egbertsgeasten. De Dútsers plunderje út wraak de boerepleats, de kei wurde nei in boer mei Dútske sympatieën brocht. ‘s Middeis om fjouwer ûre wurdt de pleats troch de Dútsers yn de brân stutsen. De reek is yn it hiele doarp te sjen en te rûken en men is bang dat De Pein itselfde oerkomme sil as wat op 1 oktober 1944 mei Putten op de Veluwe barde.