2. De Kninepôle

2. De Kninepôle

Doktersheide
De Tike

Bekijken in Google Maps

Yn de Fryske Wâlden waard al yn de tolfde ieu begoun mei it fergraven fan turf. Yn it gebiet fan de tsjintwurdiche Leyen stiene oait sa`n 20 oant 25 pleatsen, mar troch de grutte fraach net turf fan û.o de adel dy`t harren stinzes, tsjerken en gasthûzen ferwaarmje moasten ferdwounen stadichoan de minsken ùt it Leyelân en bleau dizze mar oer. Eilantsjes ûntstiene as oerbliuwsel fan wat west hie…..

In pear nammen fan eilantsjes: de Flinterpôle, de Bramboazepôle, de Kninepôle en de Roverspôle! De beide lêste wiene de grutste eilantsjes oan de Tikekant, rûge pôlen met klapperbeammen ,elzeboskjes en toarnbeistrûkjes. Mar mei yn it midden in grut, rûn, mei gersbegroeid plak, in prachtig skûlplak!

Yn de twadde Wrâldoarloch brûkten de jonge mannen fan de Tike dit plakje dan ek om aan de Dùtsers te ûntkommen. At der geruchten wiene dat der in razzia komme soe, gongen de Tyksters yn harren boatsjes nei de Kninepôle, dêr wiene hja feilich!

Allinnich hiene hja it dêr somtiden sa gesellich dat harren laitsjen en sjongen yn it doarp te hearren wie…

Op it 4 maaie monument by de skoalle steane de nammen fan Freark Veenstra en Walter Wince, as eftergroun sjogge we de Kninepôle op De Leyen as symboal fan ferset en befrijing…